Mear talen, mear takomst - 100 jier Frysk

It jier 2007 is foar it Frysk yn it ûnderwiis in jier om te fieren. Krekt 100 jier lyn joegen de Provinsjale Steaten fan Fryslân foar it earst jild om it Frysk yn it ûnderwiis mooglik te meitsjen. Noch wol bûten skoaltiid om, mar dochs.

 

It soe lykwols noch in lang trajekt wurde foardat it Frysk in ferplichte fak waard. Sûnt 1980 is dat in feit foar it basisûnderwiis en sûnt 1993 foar de basis-foarming yn it fuortset ûnderwiis.
Dat 'meartaligens' in pree is, wie wol in fermoeden, mar is langernôch rûnom op 'e wrâld ek witten-skiplik oantoand. Yn Fryslân net minder: it projekt 'Trijetalige Skoalle' smiet goede risseltaten op en de slogan 'mear talen, mear takomst' wurdt dield troch freon en fijan. Mei dy slogan fiere wy fan 't jier ús feest en wy diele ús feestjes graach mei elk dy't de Fryske taal stipet.

 

 
Joomla Template by Joomlashack
Joomla Templates by JoomlaShack Joomla Templates