|
|
|
Aktiviteiten 2007
|
15 desimber - 65 jier FeRstival: finale foardrachtswedstryd foar it fuortset ûnderwiis.
Fan 't jier is it 65 jier FeRstival. Dus de foardrachtswedstryd foar learlingen út it fuortsetûnderwiis is noch altyd in libbene tradysje. Tûzenen foardragers hawwe al de spanning field fan it foardragen, de emoasje belibbe yn it bringen fan de fersen en de rykdom sjoen fan 'e Fryske poëzij. It FeRstival is faak de earste stap nei it toaniel en guon binne der noait wer ôfkommen. Bekendste foarbylden dêrfan binne Rients Gratama, of fan resintere datum Nynke Laverman en Theun Plantinga.
Tradysje is ek dat alle jierren in spesjaal boekje gearstald wurdt mei gedichten dêr't de dielnimmers foar de foarronde út kieze moatte: FeRsefariaasje. Salang't it FeRstival bestiet skriuwe ek dichters spesjaal foar dit doel en dizze doelgroep.
Op 'e nij kin foardroegen wurde yn trije skiften: de Starters, de Trochsetters en de Toppers. De dielnimmers binne per skoalle en per groep limitearre ta fiif. Dêr moat strikt de hân oan hâlden wurde, oars binne der gewoan tefolle dielnimmers oan de foarrondes en is 't organisatoarysk net mear op te rêden. Faak giet der dus op skoallenivo ek al in 'wedstryd' oan foarôf. Oan de foarrondes dogge de lêste jierren sa'n 180 learlingen mei; dêr bliuwe likernôch 40 learlingen fan oer, dy't op de Finale dan wer in oar fers foardrage, in frij fers dat se sels kieze.
De heale finales binne op 9 novimber yn Burgum (Glinstrastate) en Ljouwert (Kuriostsjerke) en op 16 novimber yn Snits (De Stolp) en nochris yn Burgum. De finale is op 15 desimber yn It Posthûs op It Hearrefean. Alle kearen is de oanfang 13.30 oere en is de tagong fergees.
Mear ynformaasje: www.taalsintrumfrysk.nl

15 desimber- Feestlike ôfsluting fan it jier '100 jier Frysk yn it ûnderwiis'.
Jo binne fan herte wolkom op de finale fan it FeRstival mar ek op de feestjûn ta gelegenheid fan it jubileumjier 100 jier Frysk (yn it ûnderwiis).
Plak: it Posthuis Teater op It Hearrefean
Tiid: 19.30-22.30 oere
Tagong: fergees
Programma:
19.30 oere: ynrin / ûntfangst mei kofje/tee
20.00 oere: iepenjen en ferrassingsprogramma
22.00 oere: sluting mei hapke en drankje
Oanmelde kin, troch in mail te stjoeren oan
Dit e-mail adres is beschermd door spambots, u heeft Javascript nodig om dit onderdeel te kunnen bekijken
û.f.f. jo namme, adres, postkoade en plak en it tal persoanen dêr't jo mei komme.
|
|
|
|