22 en 23 novimber – kongres ‘The future of European Policy towards Multilingual Language Learning’.
Op tongersdei 22 en freed 23 novimber organisearret Mercator: Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen in grut kongres mei as tema & titel: The future of European Policy towards Multilingual Language Learning. Plak: It Aljemint, Ljouwert. Mercator ferwachtet mear as 100 dielnimmers. De call for proposals en it programma fine jo op de web-side fan Mercator: www.mercator-education.org.
|
|
7 en 8 novimber – seminar ‘Education Models & Inservice Teacher Training’.
Woansdei 7 en Tongersdei 8 novimber organisearret Mercator: Europees Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen op fersyk fan it Ministearje fan ûnderwiis fan de Baskyske Autonome Regio in seminar. Der komme 15 saakkundigen út Baskelân en likernôch 35 saakkundigen út oare taalgebieten yn Europa om meielkoar te diskussearjen oer de nije ûntjouwings oangeande it ûnderwiis yn it Baskysk yn ferbining mei ûntjouwings yn oare meartalige gebieten yn Europa. Plak: it Aljemint, Ljouwert. It programma fine jo op de website fan Mercator: www.mercator-education.org.
|
|
|
28 oktober - HÛNDERT STAPKES: TV-dokumintêre oer 100 jier Frysk yn it ûnderwiis by Omrop Fryslân op Nederlân 2 op snein 28 oktober
Tsjin de achtergrûn fan de skiednis fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân – de stadige stapkes fan ferbod nei ferplichting – wurdt sjen litten hoe’t it der op dit stuit foarstiet mei it Frysk op skoalle. Sûnt 1980 is it Frysk ferplicht op de basisskoalle, mar dy ferplichting wurdt op nochal wat skoallen net neikommen. Foar it programma wurdt ûnderwiisynspekteur Jan Oudeboon folge by de kontrole fan de wetlike ferplichting. Opnames mei him binne ûnder oaren makke op de iepenbiere basisskoalle De Twa Fisken yn Grou en op it Bogermankolleezje yn Snits (fuortset ûnderwiis). Op de Twa Fisken (in fúzjeskoalle fan de Dr. Eeltsje Halbertsmaskoalle en de Master Wielsmaskoalle) wie tsien jier lyn noch 90 persint fan de bern Fryskalich; yn 2001 wie dat weromrûn nei 70 persint en yn 2007 praat noch goed 50 persint Frysk op it skoallplein. Wat binne de gefolgen dêrfoar foar de Fryske lessen?
Yn it programma ek minister Ronald Plasterk fan ûnderwiis. Oan him is de fraach foarlein hoe’t hy tasjen sil op it neikommen fan de wetlike ferplichting.
Fierders is yn de dokumintêre unyk histoarysk byldmateriaal te sjen oer it Frysk op skoalle.
Koen Zondag fertelt oer de skiednis fan it twatalich ûnderwiis.
Hûndert stapkes, oer 100 jier Frysk yn it ûnderwiis, is te sjen op snein 28 oktober, Nederlân 2, 13.55 oere. Herhelling sneon 4 novimber om 12.25 oere op Nederlân 2. Herhelling by Omrop Fryslân op sneintejûn 28 oktober fan 18.00 oere ôf op alle oeren.

|
|
|
31 augustus o/m 13 oktober - Berneboeketiid
Yn de moanne juny ferskynt in brosjuere mei ynformaasje oer skriuwers yn skoallen en bibleteken. Yn septimber komt in spesjale Rymposter mei lesbrief op 'e merk. Ek is der in nij aksjeboek. Ynbegrepen de 53e ‘kinderboekenweek’ en berneboekedei Terherne (7 oktober). Sjoch ek www.fryskeboek.nl
 |
|
|
6 oktober - Priisútrikking Junior Rely
De Junior Rely is krekt as de Rely Jorritsmapriis in skriuwwedstriid, mar dan foar jongerein tusken 12-18 jier. De Junior Rely waard yn 2004 foar it earst hâlden ta gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan de Rely Jorritsmapriis. Sjoch foar mear ynformaasje op www.littenseradiel.nl.
|
|
|
26 septimber - Taaldag/Taaldei Fryslân
Internationale dag van de talen. Integraal onderwijs - juist nu!
De taaldag/taaldei Fryslân op 26 september, Post-Plaza, Ljouwert van 8.45-16.00 uur is bedoeld voor mensen werkzaam binnen primair onderwijs, peuterspeelzalen en kinderopvang. De hele dag diverse sprekers en interessante workshops. Gedeputeerde van Onderwijs, Jannewietske de Vries krijgt de nieuwe multilinguale kaart van Europa aangeboden.
De organisaasje is yn hannen fan taalspesjalistegroep Cedin. Foar it programma en opjefte: www.cedin.nl.

Kaart Talen fan Europa
Op 26 septimber is it de ‘Europeeske dei fan de talen’. By dy gelegenheid ferskynt in nije, rojale kaart Talen fan Europa. De fullcolour kaart bringt goed tachtich talen yn byld, fan it Bretonsk oant it Ingelsk, fan it Kasjûbysk oant it Russysk. Tagelyk fertelt de kaart hoefolle memmetaalpraters fan dy taal der yn Europa binne. Lês mear op www.tresoar.nl.

24-28 septimber - kursussen Frysk Afûk setten út ein
Dizze wike sette de kursussen Frysk foar folwoeksenen fan de Afûk wer út ein. Kursussen foar Frysktaligen om bygelyks it Frysk skriuwen te learen of mear te witten te kommen oer de Fryske literatuer en skiednis en curussen voor niet-Friestaligen om het Fries te leren verstaan, lezen en/of spreken. Foar mear ynformaasje en opjefte: www.afuk.nl

|
|
|
11 septimber – spesjale iepening skoalleradio en – tv seizoen
Skoalradio komt mei in spesjale edysje yn in ekstra lange útstjoering út de notaristûn yn Jorwert. (fan 9 oant 10 by Omrop Fryslân op 92.2) Yn it dekor fan it iepenloftspul wurdt ferteld wat der allegearre oan stiet te kommen yn it nije seizoen. Der is in optreden fan in band ûnder lieding fan Peter van der Zwaag; bern moatte fragen beantwurdzje fan Pyt Paulusma en de spilers fan it Studio F -team fersoargje yn it iepenloftteater in hiel bysûnder optreden. In oere letter is der foar de televyzje in spesjale ôflevering fan StudioF mei as tema Feest. Om 11.05 oere op Nederlân 3 op Z@ppelin (in nije tiid!!).
Foar mear ynformaasje oer skoalleradio en –tv sjogge jo op www.omropfryslan.nl of www.taalsintrumfrysk.nl.
 |
|
|
1 o/m 15 juny - Frysk Fertel en Foarlês Festival (FFF)
In grut provinsjaal projekt: foarlêze of fertelle fan 0-100 jier. Hiel Fryslân harket! Ferskate organisaasjes soargje dat der foarlêzen wurdt op pjutteboartersplakken, op basisskoallen, yn it fuortset ûnderwiis, yn bibleteken, soarchynstellings.

De Berneboekesjuery kiest it moaiste ferhaal. Nij is de foarlêswedstryd foar de groepen 5, 6, 7 en 8 fan de basisskoalle mei op 13 juny de finale yn it Tryatergebou yn Ljouwert. Meidwaan of mear ynformaasje: www.fffestival.nl
 |
|
7 maaie o/m 14 juny: nei Abiku fan Tryater
In foarstelling oer earmoed? Wêrom? Omdat wy yn Nederlân sa folle hawwe? Omdat de rykdom sa ûnearlik ferdield is oer de wrâld? Omdat der yn Nederlân earmoed is? Omdat der hjir gjin nee te keap is? Je kinne mei it ûnderwerp wol hûndert kanten út. Abiku wurdt in foarstelling mei in jonge fysike spylstyl: net te folle tekst en in protte beweging! En bysûnder: mei poppen dy’t it publyk ferjitte lit dat it poppen binne. Dizze foarstelling is geskikt foar elkenien fan 8 jier en âlder! Foar mear ynformaasje en de spyllist: www.tryater.nl
|
|
|
7 juny - Kongres Fierder mei Frysk V
Foar de VLLT-seksje Frysk wie tongersdei 7 juni de grutte dei: it twajierlikse kongres Fierder mei Frysk, dat hâlden waard yn hotel Wyswert, it learbedriuw fan de CHN te Ljouwert. Dit jier wie it kongres ekstra feestlik.
Wy fiere dat yn 2007 100 jier Frysk yn it ûnderwiis jûn wurdt. Fierder waard FReemwurk presintearre, de nijste lesmetoade foar Frysk foar àlle learlingen yn it fuortset ûnderwiis yn Fryslân. En: it kongres Fierder mei Frysk belibbe in earste lustrum.
De kongreskommisje hie syn bêst dien om dat yn it programma en de entûraazje útkomme te litten en der in ekstra feestlike dei fan te meitsjen mei ûnder oare de oambieding fan FReemwurk oan de nije deputearre Jannewietske de Vries, dy’t yn dizze setting har maiden speech hâlde en in lêzing fan ûntwiklingspsycholooch Gerrit Breeuwsma oer in ûnderwerp dêr’t wy allegearre wol folle mear fan witte wolle: de relaasje tusken (mear-)talichheid en brein. As ynfoege programma-ûnderdiel presentearre útjouwerij Het Spectrum it nijste Prisma-wurdboek Frysk, dat bedoeld is foar learlingen en leararen. Fierder wie der in optreden fan sjongeres Gezina van der Zwaag en fan dichter Tsead Bruinja. Workshops om de nije ûnderwiismetoade hinne en om nije ûntjouwingen yn it fak video-conferencing, school-tv en afstandsleren – soargen derfoar dat de rom 70 besikers lekker aktyf oan de gong koene. De kuiergongen tusken de bedriuwen wiene krekt sa gesellich as dy foarige kongressen. Natuerlik wiene der in protte feestlike hapkes en drankjes treflik fersoarge troch de meiwurkers en studinten fan Wyswert. Wy kinne weromsjen op in ynspirearjende dei fan kollega’s ûnderinoar. Sjoch ek ris op www.levendetalen.nl en www.digischool.nl/fry.

8 juny - Kursus prate mei lytskes
Hoe kinst bern safolle mooglik taal meijaan sa dat sy der noch mear fan leare? Foaral yn bernedeiferbliuwen, mar ek yn it pjuttewurk, binne in protte situaasjes wêryn’st mei ien of in pear bern oan it wurk bist en taal brûkst. Kânsrike taalmominten! Twadde part fan de kursus û.l.f. fan Riemkje Hoogland, skriuwster fan Tomke. Hjoed fan 13.15-15.45 oere. Opjaan en mear ynfo: Sintrum Frysktalige Berne-opfang,
Dit e-mail adres is beschermd door spambots, u heeft Javascript nodig om dit onderdeel te kunnen bekijken

Juny - Nij: Prisma pocketwurdboek N-F/F-N foar it fuortset ûnderwiis
In nij wurdboek dat him ynearsten rjochtet op learlingen yn it fuortset ûnderwiis mar ek ynteressant is foar oaren mei belangstelling foar it Frysk. Prisma woordenboek Fries (paperback) fan juny ôf te keap yn de boekhannel foar
€ 8,50 (ISBN 978 90 274 25 263).

|
|
|
29 maaie - Skoaleksamens Frysk foar it basisûnderwiis
Learlingen fan de groepen 7 en 8 fan rom 70 basisskoallen yn Fryslân hawwe hjoed meidien oan it multymediaal skoaleksamen Frysk. It skoaleksamen Frysk wurdt jierliks organisearre troch Taalsintrum Frysk/Cedin, Omrop Fryslân en de Afûk.
De útslach wurdt yn wike 25 bekend makke. Yn wike 26 kinne de diploma's útrikt wurde!

www.taalsintrumfrysk.nl - www.omropfryslan.nl - www.afuk.nl |
|
|
23 maaie - Bûtenboartersdei
Sa’n 70 beropskrêften út de pjuttewrâld kamen nei de Tomke Bûtenboartersdei yn it bosk fan Ypey. It ûnderwerp wie ‘Ynspiraasje foar beropskrêften om mei pjutten de natoer te belibjen’. De start mei in kollum fan en troch Mindert Wynstra wie werkenber. Wêr tinkt in pjutteliedster oan by it wurd ‘bear’? In knuffel, ek noch mei klean oan. Mar de natoer stiet net yn printeboeken, nei bûten mei de bern!
Yn de lêzing fan Marc Veekamp fan St. Veldwerk learden we hoe bern nei de natoer sjogge en hoe’t wy as begelieders dêrop ynspylje kinne. Eltsenien is dúdlik wurden dat je sels goed neitinke moatte hoe’t je reagearje op beestjes en oare dingen út de natoer. In bern sil dat gedrach faak oernimme!
Yn it bosk fan Ypey oan de slach.... De 5 wurkwinkels wienen elts in sukses:
• Krekels en kriebelbeesten. (Marc Veekamp fan St. Veldwerk Nederland)
• De tunen fan beppe Tryntsje. (Baukje Fennema fan buro ITHAKA)
• De ynrjochting fan de bûtenromte. (Jaap Bros fan St. Speelruimte)
• De boskwachter fertelt.(Jacob Bijlsma fan Staatsbosbeheer)
• Tomkepaad. (Wimmy Bouma)
It wie in prachtige dei; it waar wie geweldich en eltsenien wie drok dwaande de natoer te belibjen. De beropskrêften binne tefreden nei hûs ta gongen mei in rêchsekje mei alderhande ynformaasje en in soad ynspiraasje: Hoe sjogge bern nei de natoer, hoe belibje se de natoer, wat rûke, fiele en priuwe se en foaral hoe kinne wy as begelieders dêr it bêste op ynspylje!
Foar mear ynformaasje nimme jo kontaks op mei
Dit e-mail adres is beschermd door spambots, u heeft Javascript nodig om dit onderdeel te kunnen bekijken
.
 |
|
|
9 o/m 13 maaie - Kasjûben
Yn ‘e perioade fan 9 oant en mei 13 maaie hawwe op 'e nij in fyftjintal ûnderwiisminsken fan sân skoallen út Kasjûbje in besite brocht oan de sân Fryske partnerskoallen. It Kasjûbysk is ien fan 'e lytse talen yn Poalen en wurdt sûnt it fallen fan 'e muorre op 'e nij aktyf brûkt yn 'e omkriten fan Gdansk.
De besite fan de Kasjûbyske ûnderwiisdelegaasje hat in treflike moeting west tusken de Fryske skoalen en har partners út Poalen. De Kasjûben wienen tige ynteresearre yn de oanpak op de Fryske skoallen en fregen wakker nei de ûnderfinings yn it trijetalich ûnderwiis. By harsels is de metoadeûntwikkeling yn folle gong en binne der hieltyd mear learkrêften dy't it foech 'kasjûbysk' helje. Tagelyk rinne hja yn de skoallen ek tsjin (de bekende) wjerstannen oan as 'ferspilde enerzjy' en 'lear de bern dochs Ingelsk'.
Tidens de fjouwerdaagse moeting wienen der ek kulturele útstapkes, sa as nei it Frysk Museum en it Planetarium. Ek stienen guon op 'e terp fan Hegebeitum, kuieren oaren op 'e Slachtedyk of besochten it Reaklif. De moeting waard ôfsletten mei in fartochtsje oer de Fryske wetters... Mear ynfo:
Dit e-mail adres is beschermd door spambots, u heeft Javascript nodig om dit onderdeel te kunnen bekijken
10 maaie - SjONG

Dit sjongfestival foar learlingen út it fuortset ûnderwiis waard op 10 maaie ll. foar it earst hâlden. Sechtjin dielnimmers fan alve ferskillende skoallen joechen 'acte de présence' yn it Posthuistheater op It Hearrenfean. Prizen wiene der foar de bêste tekst en it bêste optreden. Fansels mocht ek it publyk syn stim útbringe. Foar in wiidweidich ferslach en foto's, sjogge jo op ww.taalsintrumfrysk.nl.
10-11 maaie - konferinsje ‘Multilingualism & Language Learning: measurement & good practice'
Op 10 en 11 maaie hat Mercator: Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen yn Ljouwert in ynternasjonale konferinsje hâlden. Der wienen 60 dielnimmers, de helte út it bûtenlân, út 12 EU-lidsteaten en boppedat út Moldavië en Georgië. De besprekken hiene as startpunt it rapport fan Mercator oer Minimum Standerts foar it ûnderwiis yn de minderheidstalen dat op 30 maaie troch deputearre Bertus Mulder yn Straatsburch presintearre wurde sil. De útkomsten fan de konferinsje binne fan grut belang foar it fierdere ûndersykswurk fan it Mercator Kennissintrum yn de kommende jierren op it mêd fan learplannen, learmiddels, learaarsoplieding en toetsing. Sjoch fierder: www.mercator-education.eu
 |
|
|
26 april - Prof. dr. Abram de Swaan yn 'it hol fan de liuw': skerp debat oer meartaligens mei adviseur Europeeske Kommisje
Tongersdei 26 april, de jûns om 20.00 oere, yn De Bres yn Ljouwert. De tagong is fergees. Jo fine De Bres oan de Skoallestrjitte nûmer 4, efter De Harmonie.
Taalbelied hat hjoed de dei folop de oandacht. Op it provinsjehûs yn Ljouwert wurdt wurke oan in nij taalbelied foar Fryslân, yn Brussel wurdt wurke oan in nij taalbelied foar de hiele Europeeske Uny. Oer ien ding lykje politisy en saakkundigen it iens te wêzen, de ynwenners fan Europa moatte mear talen leare as allinnich de eigen taal. It biedwurd is dan ek: Mear talen, mear takomst.
Prof. Dr. De Swaan is it net iens mei it útgongspunt dat in minderheidstaal behâlden wurde moat. Minsken dy’t opkomme foar minderheidstalen soene tsjin de stream ynswimme. Fierders ynliedings oer it tema ‘mear talen, mear takomst’ troch direkteur prof. Dr. R. Salverda fan de Fryske Akademy en taalkundige Peter Nieuwenhuijsen fan de NHL.
Sjoch foar mear ynformaasje oer Abram de Swaan op http://www.deswaan.com
Foar mear ynformaasje oer de diskusjejûn kinne jo skilje mei: Jelle Bangma 058 - 284 34 34 (yn kantoartiden) of mei Alex Riemersma 058 - 2131414 (ek oerdeis).
 |
EUROPEESK BURO FOAR LYTSE TALEN (EBLT)
NEDERLANSKE KOMMISJE
p/a Doelestrjitte 8
Postbus 54
8900 AB LJOUWERT
|
|
|
|
10 april - Provinsjale finale 'voorleeswedstrijd'
Yn skouboarch De Lawei yn Drachten wie om 14.00 oere de provinsjale finale. Lotte Bosma fan De Opstap yn Oentsjerk waard de winner en mei har in ier jier lang foarlêskampioen fan Fryslân neame. Lotte sil op 23 maaie meidwaan oan de lanlike finale 'Nationale Voorleeswedstrijd' yn Utrecht. Mear ynfo op www.nationalevoorleesdag.nl
13 april - Kursus prate mei lytskes
Hoe kinst bern safolle mooglik taal meijaan sa dat sy der noch mear fan leare? Foaral yn bernedeiferbliuwen, mar ek yn it pjuttewurk, binne in protte situaasjes wêryn'st mei ien of in pear bern oan it wurk bist en taal brûkst. Kânsrike taalmominten! Kursus û.l.f. Riemkje Hoogland, skriuwster fan Tomke. Hjoed fan 13.15-15.45 oere. Opjaan en mear ynfo: Sintrum Frysktalige Berne-opfang,
Dit e-mail adres is beschermd door spambots, u heeft Javascript nodig om dit onderdeel te kunnen bekijken
. De twadde byienkomst fan dizze kursus is op 8 juny!

|
|
|
30 maart- FeRs
Sneon 30 maart ll. wie de finale foardrachtswedstryd foar basisskoallen yn De Lawei yn Drachten. Fan de 24 finalisten kaam Eva Noordmans út groep 7 fan De Toermalijn út Frjentsjer as winner út de bus. Sy droech it gedicht 'Snobje' fan Froukje Annema foar. Jorn van der Meer út groep 8 fan It Fûnemint út Wommels waard twadde en Berber de Bruin út groep 6 fan De Reinbôge út Burgum waard tredde. www.taalsintrumfrysk.nl

|
|