oare ynformaasje

Hjirûnder fine jo de neikommende artikels. De teksten ferskynden earder yn it bûsboekje 2007 mei as tema '100 jier Frysk yn it ûnderwiis'.

In ieu ûntjouwing Frysk yn it ûnderwiis: 1907-2007, Alex Riemersma
Taalûnderwiis begjint thús en yn de pjuttegroep, Sytske de Boer
Meartaligens thús en op skoalle, Lybrich Kramer
Frysk yn it fuortset ûnderwiis, Reitze J. Jonkman
Frysk foar folwoeksenen - 79 jier Afûk, Gjalt Jelsma



In ieu ûntjouwing Frysk yn it ûnderwiis: 1907-2007

Op 19 novimber 1907 is troch Provinsjale Steaten mei 39 stimmen foar en 8 stimmen tsjin (3 minsken wiene der net) it útstel oannommen dat yntsjinne wie troch it “Selskip for Fryske tael- en skriftenkennisse”, ‘houdende verzoek om eene bijdrage uit de provinciale fondsen voor het van zijnentwege te verstrekken schoolonderwijs in het Friesch’. 

It Selskip hie in jier earder al in fersyk yntsjinne, mar it kaam earst op de Wintersitting fan 1907 mei wat oanpassings yn besprek. Op dat stuit waard op 17 skoallen al Fryske les jûn, bûten skoaltiid en oan de learlingen fan de beide heechste klassen of oan guon dy’t de skoalle al ferlitten hienen. It útstel wie, dat de learlingen twa jier lang Fryske les krije soenen, op syn minst 50 oeren it jier en dat de ûnderwizers op syn minst 0,75 gûne de lesoere as fergoeding krije soenen. Op in begrutting fan goed tûzen gûne kaam 500 gûne subsydzje. Yn de ‘beraadslaging’ komme alle mienings en arguminten fan lettere jierren oer it Frysk op skoalle al op it aljemint (sjoch hjirûnder).


De ‘beraadslaging’ út 1907; in pear priuwkes

Nauta: “Aan ’t Friesch heeft men bitter weinig, zelfs in de steden van de provincie, terwijl men er buiten de grenzen van de provincie heelemaal niet mee terecht kan. Men moet zich daar bedienen van het Nederlandsch, onze aller moedertaal.” / “Er is veel meer te zeggen voor het oprichten van cursussen in het Duitsch. Een groot aantal van onze arbeiders zijn gedwongen om naar Duitschland te trekken, waar ze in Friesland niet een voldoend bestaan kunnen vinden; (…) velen gaan emigreren naar Amerika (…) waarom een cursus in het Engelsch beter zou zijn dan een in ’t Friesch.”
Van der Zwaag wie earst tsjinstanner, mar hat him troch it Selskip oertsjûgje litten en is akkoart, omdat it Frysk in ‘liefhebberijvak’ bliuwt: “Het steunt het denkvermogen, wanneer de onderwijzer er althans in slaagt, het werkelijk eene liefhebberij voor de kinderen te doen zijn.” Fierdere arguminten fan Van der Zwaag: “Het Friesch is geen dialect, het is eene taal en kan bogen op een eigen grammatica en litteratuur.” / “De beoefening van het Friesch, ernstig genomen, zal aanleiding geven, dat ook het Nederlandsch beter wordt geleerd.”
Van der Burg is fûl ferdigener fan it útstel en hy docht dat yn it Frysk; syn wurden binne yn it ‘Verslag der Handelingen’ yn it Frysk opnommen.* Hy beropt him op de Fryske autoriteiten Joast Halbertsma, Ph. van Blom, O.H. Sytstra, J.J. Hof en C. Wielsma. Syn argumintaasje is rjochte op de Fryske folksaard, de naasje en it belang fan taalbehâld foar it behâld fan it Fryske folk: “Scil Fryslân nou Fryslân bliuwe, scille Friezen Friezen bliuwe, den hearre hja hjar tael to bihâlden.”

* Dat is hast in heale ieu earder as it formele beslút fan Provinsjale Steaten út 1955 om tenei yn it Frysk yn de notulen op te nimmen wat yn it Frysk sein is.


It beslút fan Provinsjale Steaten út 1907 is histoarysk fan belang: de steaten ûnderskriuwe it belang fan it ûnderwiis foar de libbenskânsen fan it Frysk èn de steaten erkenne de eigen ferantwurdlikheid foar de befoardering fan de Fryske taal en kultuer.

Nije arguminten
Yn de hûndert jier dy’t sûnt ferrûn binne, binne de arguminten foar it Frysk yn it ûnderwiis - as fak en as fiertaal – stadichoan útwurke mei begripen as de lykweardigens fan Frysk en Nederlânsk yn twatalich Fryslân èn it belang en profyt fan de meartaligens foar de learlingen. Neffens de ynternasjonaal gongbere definysje hat twatalich ûnderwiis betrekking op it brûken fan beide memmetalen of de frjemde doeltaal as fiertaal / ynstruksjetaal by it ûnderwiis. Allinnich Frysk as fak jildt dus net as ‘twatalich ûnderwiis’ neffens ynternasjonale begripen.
Systematysk en yntinsyf twatalich ûnderwiis liedt ta ‘fermearderjende twataligens’ fan it yndividu èn ta taalrykdom fan de mienskip: gjinien hoecht him te ferbrekken. Idealiter is twatalich ûnderwiis Frysk & Nederlânsk basearre op de lykweardigens fan beide talen èn rjochte op de behearsking fan beide talen op itselde nivo: folsleine twataligens, mûnling en skriftlik. De diskusje kin gearfette wurde yn dizze fjouwer arguminten:

Pedagogysk argumint
Grûnslach fan it ûnderwiis yn it Frysk en elke memmetaal is it rjocht fan it bern om de eigen ûntwikkeling en it ûntdekken fan de wrâld te dwaan yn en mei help fan de eigenste memmetaal (sjoch ek de Ferklearring fan de Rjochten fan it Bern fan de Feriene Naasjes).

Maatskiplik funksjonearjen
It is nuttich om Frysk (op syn minst passyf) te behearskjen foar it maatskiplik funksjonearjen: yn sosjale beroppen en yn it ferieningslibben is Frysk ferstean en praten fan belang foar goed kontakt mei de klanten en de mei-minsken.

Kultureel argumint
Fryslân hat in twatalige kultuer; de eigenheid komt ta utering yn de Frysktalige kultueruterings: muzyk (sjongen, CD’s), literatuer, radio & televyzje. Troch it ûnderwiis kin de learling yn de kunde komme mei dy kultuer en ek aktyf dielnimme oan de Fryske kultuer.

Taalpolityk argumint
Frysk is in min ofte mear bedrige taal. Goed ûnderwiis (mûnling en skriftlik) draacht derta by dat it Frysk funksje hâldt en bestean bliuwt foar de folgjende generaasjes.

De ûntjouwing fan it Frysk yn it ûnderwiis is yn ûndersteand oersjoch gearfette. It Frysk waard yn 1937 yn it leger ûnderwiis tastien as fakultatyf fak, bedoeld foar de learlingen yn de heechste klassen om ek Frysk lêzen te learen. Nei Kneppelfreed mochten de learlingen yn de ûnderbou fan 1955 ôf de basisfeardichheden lêzen, skriuwen en rekkenjen yn it Frysk oanleare. Dat is it begjin fan it twatalich ûnderwiis. Oan dat twatalich ûnderwiis hawwe op syn heechst 84 fan de mear as 500 skoallen oan meidien. Yn 1980 waard Frysk in ferplichte fak foar alle learlingen yn Fryslân; de winst dêrfan is dat sûnt alle learlingen yn kontakt komme mei it Frysk (ferstean, lêze, sjonge, skoalletelevyzje) en dat it Frysk net allinnich heart by de Frysktaligen-fan-hûs-út, mar akseptearre kultuergoed is fan alle ynwenners fan Fryslân.

Alex Riemersma


Oersjoch fan de mylpeallen fan in ieu Frysk yn it ûnderwiis

1907 - Subsydzje fan Provinsjale Steaten foar Fryske les bûten skoaltiid
1928 - Afûk & Provinsjale Underwiisried mei taak foar ûnderwiis, û.o. ‘folk- en gea-leargongen’
1937 - Frysk as ‘streektaal in levend gebruik’ facultatief onder lezen en Nederlandse taal
1941 - Learstoel Frysk oan universiteit Grins
1946 - Wike Zylstra begjint yllegaal mei Fryske les yn de earste klasse: lêsrak
1950 - 9 ‘Proefskoallen’ mei Frysk as ynstruksjetaal foar lêzen, skriuwen en rekkenjen yn de earste, twadde en tredde klasse
1951 - Kneppelfreed liedt ta de rykskommisje – Wesseling dy’t liedt ta wetswiziging 1955
1952 - Earste Doktoraal-diploma Fryske taal- en letterkunde
1955 - Frysk wurdt tastien as ynstruksjetaal yn de 1ste, 2de en 3de klasse
1957 - L.O.-akte Frysk en M.O.-akte Frysk erkend
1959 - Oprjochting Paedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy; letter: MSU / GCO; no: Taalsintrum Frysk fan CEDIN
1968 - Wet op het Voortgezet Onderwijs ‘Mammoetwet’: Frysk fakultatyf yn de brêgeklasse ûnder Nederlandse taal
1971 - Frysk tastien as fakultatyf eksamenfak yn Mafû (no: Tmbû), Hafû en Twû
1974 - Wetswiziging L.O.-wet: Frysk wurdt ferplichte fak m.y.f. 1980 foar alle learlingen yn Fryslân
1976 -1982 - 3.000 learkrêften fan beukerûnderwiis en leger ûnderwiis folgje in applikaasjekursus foar it ‘foech’ Frysk
1985 - Foech Frysk op de Pabo regele yn de Wet op het Basisonderwijs
1988 - Oanpassing Wet op het Speciaal Onderwijs: ferplichte omtinken foar it Frysk as fiertaal
1989 - Earste Frysktalich pjutteboartersplak
1993 - Kearndoelen foar Frysk yn it primer ûnderwiis parallel oan dy foar Nederlânsk
1996 - Nederlân ratifisearret it Europeesk Hânfest foar Regionale of Minderheidstalen: in substansjeel part fan it ûnderwiis sil yn it Frysk jûn wurde
1997 – 2005 - Ekspearimint ‘trijetalige skoalle’ mei Frysk, Nederlânsk en Ingelsk as fak en as fiertaal
2004 - Wet kinderopvang: Frysk wurdt tastien as fiertaal
2006 - Kearndoelen foar Frysk yn it primer ûnderwiis rjochte op it behearskjen fan it Frysk as twadde taal
2006 - Kearndoelen foar Frysk yn it fuortset ûnderwiis (nije ûnderbou) mei differinsjaasje foar learlingen mei it Frysk as earste èn as twadde taal (Ft1- en Ft2 learlingen)



Taalûnderwiis begjint thús en yn de pjuttegroep

Meartaligens is goed foar de ûntwikkeling fan bern. Dat ynsjoch wurdt troch hieltyd mear ûndersiken yn binnen- en bûtenlân ûnderstreke. De takomst sjocht der goed út foar meartalich ûnderwiis. Mar de bêste basis foar in meartalige ûntwikkeling leit yn de perioade dêrfoar, de poppe- en pjutteleeftyd.

Bern fan 0-4 jier binne hiel fleksibel yn taal. It makket in pjut eins noait út yn watfoar taal jo him of har oansprekke. Ut de mimyk, de toan, de kontekst liede se wol ôf wat der bedoeld wurdt. Dêr hawwe se lytse antennes foar dy't jo en ik –  spitigernôch – allang net mear hawwe. In boartersplak of bernedeiferbliuw is dus in poerbêst plak om bern boartsjendewei yn oanrekking te bringen mei in twadde of tredde taal. Mar om bern echt goed twatalich te meitsjen is it wol saak dat sokke ynstellings oan it tal betingsten foldogge. Dat se helder en konsekwint omgeane mei de talen, sadat bern makliker leare dy te skieden. Dat it Frysk goed syn gerak kriget, want yn dy faze fan de taalûntwikkeling hat de (maatskiplik sjoen) swakkere taal faak ekstra stipe nedich. Dat der in soad taal oanbean wurdt. Dat de liedsters bern op in positive wize stimulearje om taal te brûken. Koartsein, dat der in goed taalbelied is.

Der is no in groeiend tal pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân dat bewust mei in Frysktalich of twatalich belied wurket. Se jouwe in soad omtinken oan taal,  mei spesifyk omtinken foar de twatalige ûntwikkeling fan bern. De plakken wurde beoardiele op har wize fan wurkjen en ûntfange in provinsjaal sertifikaat.
Frysk, Nederlânsk- of oarstalich: As jo in pjutteboartersplak of bernedeiferbliuw foar jo bern sykje, is it tige de muoite wurdich ris by ien fan dy plakken te sjen. De list dy't hjirûnder stiet is fan healwei 2006. Foar de meast aktuele list sjoch op www.heitenmem.nl of nim kontakt op mei it Sintrum Frysktalige berne-opfang: Dit e-mail adres is beschermd door spambots, u heeft Javascript nodig om dit onderdeel te kunnen bekijken of 058-2348525.

Sytske de Boer



Meartaligens thús en op skoalle

Feiten
1. Bern kinne mear talen tagelyk leare en meartaligens kin harren taalgefoeligens en ferstanlike ûntjouwing stimulearje.
2. Twataligens hat gjin negative ynfloed op de skoalleprestaasjes fan bern
3. Kies leaver foar in Frysktalige berne-opfang, fanwegen de ferbreding fan it oanbod. Bern binne bot ûntfanklik foar de status fan in taal, wêrtroch Frysk faak ekstra stipe nedich hat.
4. Al binne der taalkundige foardielen oan twataligens, soms binne der sosjale neidielen, benammen as de iene taal as mearweardich oan de oare sjoen wurdt. It docht bliken dat in bewuste en positive hâlding fan de âlden hiel beskiedend binne foar de taalûntjouwing fan de bern 

Oanrikkemandaasjes
1. Kies bewust foar ien of meardere talen yn de húshâlding.
2. Praat yn jo memmetaal; dêryn kinne jo it bêste emoasjes, lykas leafde, lilkens as fertriet, úterje. At jo op in oare taal oerstappe dy’t minder ticht by jo stiet, kin dat negative gefolgen ha foar de kommunikaasje tusken jo en jo bern.
3. Brûk de keazen taal of talen sa konsekwint mooglik. At jo as âlden beide in oare memmetaal ha, fielt it earst miskien wat ûnwennich om beide yn in oare taal tsjin jo bern en tsjin inoar te praten. Dit is in faze dêr’t je trochhinne moatte. Nei in skoftke sil it brûken fan ferskillende talen wol natuerlik oanfiele en flot ferrinne.
4. In ryk oanbod yn de memmetaal fan de âlder is better as in breklik oanbod yn de dominante taal. Dêrby kinne je tinke oan foarlêzen, sjongen, rymkes, gesprekjes, muzyk, televyzje.
5. Wannear’t Frysk net as taal fan de húshâlding brûkt wurdt, kinne jo je bern der wol fertroud mei meitsje troch bygelyks foar te lêzen út Fryske boeken.
6. Freegje pake of beppe om Frysk tsjin harren bernsbern te praten, ek wannear’t de taal fan de húshâlding net Frysk is, itselde jildt foar de fêste oppas of gastâlder.
7. It oanlearen fan twa talen kin ynhâlde dat in bern in hoartsje beide talen trochinoar hellet. Laitsje jo bern net út at it wat ferkeard seit en ferbetterje him net. Werhelje de sin fan jo bern mei de goede foarm. Sis dus net: “Nee, dat is net rood, mar read”. Mar sis: “Ja, dat is read. Sjoch, dyn trui is ek read. Sjochst fierder noch wat reads?”
8. Lis de latte net te heech foar jo bern; wol net te hurd of te folle. In grutte passive kennis fan in taal jout in goede basis foar de taalproduksje.
9. As it bern op in stuit dochs foar it Nederlânsk kiest, sjoch dat dan as de kar fan it bern, net as in persoanlik falen. Gean sels konsekwint troch mei it brûken fan it Frysk, jou net te gau oer. Dan leart er it yn alle gefallen goed te ferstean. Prate komt mooglik letter.
10. Mochten jo it idee ha dat jo bern min praat (artikulearret), rieplachtsje dan in logopedist, it leafst immen dy’t ferstân fan meartaligens hat. Foar adressen: www.heitenmem.nl
11. Wille yn it praten, yn beide talen stiet foarop! Meitsje fan de taal gjin strideraasje. Krekt as mei it iten by bern, jo binne lang om let de grutte ferliezer.

Lybrich Kramer 
(mei meiwurking fan de Fryske Akademy, Partoer en afûk.)


Frysk yn it fuortset ûnderwiis

Yn 1974 frege ús dekaan fan it Nassau Kolleezje op It Hearrenfean yn de klasse oft der minsken wienen dy’t Frysk yn it eksamenpakket ha woenen. Fansels daliks de hân omheech stutsen. Dêrmei haw iksels fuortdaliks profitearre fan de nije mooglikheden dy’t der kamen foar it Frysk op de middelbere skoalle. Oan dan ta wie it benammen gien oer it Frysk op de legere skoalle, Pedagogyske Akademys en universiteit.

Sûnt 1971 wie it nammentlik tusken noas en lippen  - “Waarom eigenlijk ook niet”, hie de  steatssiktaris fan ûnderwiis sein – mooglik wurden om Frysk yn it eksamenpakket te kiezen yn havo en vwo. De mavo folge yn 1973. De belangstelling foar it fak yn havo hat ein santiger en begjin tachtiger jierren fan de foarige ieu net ûnaardich west mei op it hichtepunt mear as hûndert kandidaten. Dêr is in hiele direkte link te lizzen mei de ferplichting fan it Frysk yn it basisûnderwiis yn 1980 en dêrmei it ferlet fan havisten dy’t nei de PA gongen. sy hienen it Frysk yn har berop fan learkrêft nedich. By vwo gong en giet it hieltyd om lytse tallen, de echte leafhawwers. Foar in soad middelbere skoallen wienen dy lytse tallen in te hege drompel om Frysk yn it eksamenpakket op te nimmen. It Nassau, no Bornego, Kolleezje biedt it fak net mear oan. De kristlike en iepenbiere mavo (nei  ynfiering fan it vmbo: mingd en teoretyske learwei), fan Burgum wienen kreatyf en setten de learlingen fan beide skoallen yn ien klasse en hawwe sa troch de jierren regelmjittich kandidaten mei Frysk yn it pakket ôflevere.
Sûnt 1980 wie der wakker aksje ûndernommen om it Frysk oanslutend op de basisskoalle yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis ferplichte krijen foar alle learlingen. Dat slagge yn 1993 doe’t it in plakje krige yn de saneamde basisfoarming, de earste twa of trije jier fan de middelskoalle. De bedoeling wie om alle trije jier twa oeren Frysk te krijen. De direksjes fan de skoallen keazen der lykwols foar dat elke skoalle mar ien lesoere, faak yn it earste jier, joech. De winst wie wol wer dat alle learlingen – Frysktalige en net-Frysktalige – Frysk ûnderwiis krigen. Mar noch mear as op de basisskoalle hie de dosint it dreech, omdat de heterogeniteit hast net grutter koe. De middelbere skoallen steane meast yn de gruttere plakken mei in oanmerklik grut part net-Frysktaligen dy’t boppedat hast gjin ûnderwiis yn it Frysk hân hawwe. De spesjaal ûntwikkele nije metoade Flotwei Frysk, hoe moai at er der fierder ek útseach, hold te min rekken mei dy minging fan taalachtergrûnen. It ynspeksjerapport fan 1998 liet net in florissant byld sjen; it fak Frysk hie in hiel marzjinaal plak yn de basisfoarming. Ek it ynspeksjerapport 2005 lit mar in bytsje foarútgong sjen. Mei de komst fan de nije ûnderbou yn 2006 sil wer in nije start makke wurde mei in metoade dy’t mear rekkenet mei de differinsjaasje neffens taalachtergrûn.
De hoop is no dat nei it ferplichte fak yn de earste klasse, de learlingen oanslutend yn de twadde (en tredde) klasse it Frysk as karfak nimme om it dêrnei as ien fan de fakken yn it ôfslutende eksamenpakket op te nimmen.

Skoallen foar  fuortset ûnderwiis mei Frysk as eksamenfak
havo/vwo 
Piter Jelles, Ljouwert
Dockinga, Dokkum
Singelland, Drachten
Bogerman, Snits 

vmbo mingd/teoretyske learwei
Piter Jelles, St Anne
Ulbe van Houten, St Anne
Singelland, Burgum
Liudger, Burgum
Boargemaster Harmsmaskoalle, De Gordyk
Lyndensteijn, Beetstersweach
Marne Kolleezje, Boalsert
Gaasterlân, Balk
Bogerman Koudum en Wommels

It Frysk hat by de ynfiering fan de saneamde twadde faze (1999) syn plak as karfak holden. By havo waard it boppedat mooglik om te kiezen foar in lytsfak dêr’t allinnich taalkunde (staverjen, taaleigen, grammatika) ynsiet. Der wienen fjouwer skoallen dêr’t it Frysk him konsintrearre: Dockinga Dokkum, Piter Jelles Ljouwert, Singelland Drachten en Bogerman Snits. Dy lêste skoalle is dwaande om in trochgeande learline fan de nije ûnderbou foar alle skoaltypen oant en mei it eksamenjier mooglik te meitsjen. Om it jaan fan it fak Frysk fuort te sterkjen jout de Provinsje subsydzje.
Foar in nije start fan de twadde faze yn 2007 steane foar it fak Frysk gruttere feroaringen op priemmen. Net allinnich ferdwynt it fak Frysk as lytsfak wer yn it havo, mar nêst Fryske taal en letterkunde mei alle ûnderdielen fan de hjoeddeiske opset, komt der in útwreiding mei kultuer. Learlingen kinne dan, yn it plak fan taal en letterkunde, kieze foar kultuer om har  te ferdjipjen yn de Fryske skiednis, sporten, de taalsosjologyske situaasje, bûtenlânske minderheidstalen, ensfh. Dy kultuerkant kin ek makliker keazen wurde troch net-Frysktaligen, omdat fan harren gjin aktive Fryske taalfeardichheid ferwachte wurdt.
Fierders wurdt der no ynsetten op it Frysk as fiertaal by oare fakken. It is nammentlik yn de wet fan 1971 fêstlein dat it Frysk ek fiertaal wêze mei. Yn 1999 hat 30 persint fan de middelskoallen oanjûn dat út en troch te dwaan. It taalsintrum Frysk fan Cedin (earder GCO-fryslân en MSÛ) spilet dêr mei de skoalletelevyzje fan Omrop Fryslân ek op yn troch net allinnich programma’s foar it fak Frysk ‘Linkk’ te meitsjen mar ek Frysktalige programma’s foar ierdrykskunde , biology en skiednis.

Reitze J. Jonkman


Frysk foar folwoeksenen - 79 jier Afûk
Yn 1928 (25 april) wurdt de “Algemiene Kommisje for Frysk Underrjucht” oprjochte (doe ôfkoarte ta AFUK), as in mienskiplik orgaan fan de Bewegingsorganisaasjes ûnder tafoarsjoch fan de troch de Provinsje oprjochte Provinsiale Underwysrie. De Afûk krige twa taken: Frysk ûnderrjocht fersoargje foar de heechste klassen fan de legere skoallen en kursisten opliede ta de Fryske akte foar it foech om Fryske les jaan te kinnen. Yn dy tiid mocht it Frysk op grûn fan de wet op it leger ûnderwiis net op skoalle jûn wurde en koe dat allinnich nei skoaltiid.
Ein 19de ieu/begjin 20ste ieu waard yn bewegingsrûnten al langer pleite foar Frysk ûnderwiis. Tusken 1907 en 1928 waard Frysk ûnderrjocht op skoallen bûten skoaltiid al fersoarge troch it “Ald Selskip”. 
It ûnderrjocht oan legere skoalbern naam nei 1928 in hege flecht, nettsjinsteande dat it nei skoaltiid wie. Yn de tritiger jierren dienen dêr alle jierren tusken de 850 à 1000 bern oan mei. Fierder waard in grut tal minsken oplaat ta de Fryske Akte om Fryske kursussen jaan te kinnen yn de heechste klassen fan it leger ûnderwiis.

Nei 1937 ûnderrjocht foar folwoeksenen
Yn ’37 waard troch in wiziging yn de wet op it leger ûnderwiis les yn it Frysk foar it earst wetlik mooglik makke ûnder it fak “lezen en Nederlandse taal”, yn gefal’t der sprake wie fan in “streektaal in levend gebruik” (Wet Slotemaker de Bruïne). Der kaam romte foar Frysk fan twa oeren yn ’e wike. Yn ’39 makken al 140 skoallen dêr gebrûk fan. Nei ’39 hoegde de Afûk sadwaande gjin kursussen foar skoalbern mear te organisearjen. De Afûk lei him fan dy tiid ôf út op ûnderwiis foar folwoeksenen.
Dat waarden de folk- en gealeargongen: dy bestiene de ûnderdielen stavering en skriuwen, kennis fan Fryske skriuwers en it lêzen fan Fryske literatuer, haadsaken fan de Fryske skiednis en it eigen gea.
Yn de oarloch lutsen de “folk- en gealeargongen” fan de Afûk in rekord oan dielnimmers. Yn ’44 rûn it tal kursisten sels op ta sa’n 2000.

Kursussen Frysk foar net-Frysktaligen nij fenomeen
Nei de oarloch komme de kursussen net wier op gleed. In nije “ympuls” kaam  yn de sechstiger jierren troch de kursussen Frysk foar net-Frysktaligen, doe’t Fryslân konfrontearre waard mei in waaksjende stream fan nij ynkommelingen. Der ûntstie ferlet fan sokke kursussen: frou Bosma-Banning út Drachten spile dêr in grutte rol yn. Har radiokursus foar de RONO (’63) en de lettere grammefoanplatekursus “Bûter, brea en griene tsiis” (’68) waarden in begryp.
De folk- en gealeargongen bestiene noch altyd, mar nei it oernimmen fan it Ynstitút Fryslân (’71) waarden se linkenoan omset yn A- en B-leargongen, sa’t wy dy no ek noch kenne. Bekende learmiddels wiene doe it Taelboek foar begjinners fan J. Stienstra foar A en it Taelboek foar trochsetters foar B.
Afûk yn nij pân yn binnenstêd
Yn  ’71 krijt de Afûk foar it earst in eigen gesicht yn de binnenstêd fan Ljouwert yn de foarm fan it gebou Oksekop 11, foar kantoarromte, opslach en in winkel. Letter (’81) waard dat it pân Kanaalstrjitte/Emmakade. Yn ’72 wurdt de Afûk in selsstannige stifting, dan neist kursusynstitút ek útjouwerij fan learmiddels en útjeften, omdat de opdracht krijt om te soargjen foar de produksje en fersprieding fan learmiddels foar it fak Frysk op de legere skoallen. It tal kursisten ûntjout him fierders ek tige: tusken ’71 en ’80 groeit it tal fan likernôch 500 nei sa’n 1200.  It oanbod fan kursussen wurdt linkenoan breder: der komme kursussen literatuer en skiednis, in C-kursus (1990) tusken B en Akte yn, mei in nij ûnderdiel: Twataligens en in kursus foar amtners.

Profesjonalisearring yn 90-er jierren
De jierren ’90 steane yn it teken fan fierdere profesjonalisearring fan de Afûk as kursusynstitút en útjouwerij. Dat betsjut it bieden fan mear aktiviteiten en útjeften dy’t passe by it ferlet en mear ynspyljen op de fraach. Wichtige skaaimerken fan de nije opset wiene: ynhâldlik minder de klam op oerdracht fan taalkennis en mear op taalbrûken en in dúdliker organisaasje fan de learstof. 
Foar it oare komt der in grutter ferskaat fan oanbod. Sa  komme der ek koarte kursussen stavering, yntroduksjekursussen Frysk (foar nij ynkommelingen), steamkursussen Frysk op Skylge en konversaasje (foar net-Frysktaligen om har Frysk op te heljen). Foar spesjale doelgroepen (meiwurkers yn ‘e sûnenssoarch, fan rjochtbanken, fan bibleteken, by lokale omroppen en foar sjoernalisten) wurde ek kursussen ûntwikkele.

Afûk no
Op dit stuit is de Afûk sawol kursusynstitút, útjouwerij fan Fryske learmiddels en oare edukative útjeften as ynstelling foar projekten foar draachflakferbreding fan it Frysk. De Afûk biedt in grut ferskaat fan kursussen en it tal kursisten skommelet al jierren om de 1000 kursisten. Sûnt in pear jier hat de Afûk in nij opfallend plak yn de binnenstêd fan Ljouwert oan de Bûterhoeke mei in moaie “boek- en taalwinkel”. Afûk, Bûterhoeke 3, Ljouwert (Tel.: 058-2343070; www.afuk.nl

Gjalt Jelsma



 

 
Joomla Template by Joomlashack
Joomla Templates by JoomlaShack Joomla Templates